25 tûzen snieskowers besteld

It bedriuw Empatec út Snits hat de opdracht krigen om 25.000 snieskowers te meitsjen. Ferline jier wie der yn de lange winter in tekoart oan skowers en dat mei dit jier net wer barre. Dat fynt it bedriuw Greentools, dat ek út Snits komt. Se hawwe dêrom meiwurkers fan it sosjale wurkplak dizze opdracht jûn. Empatec krijt in wike de tiid fan it bedriuw.
Der is ekstra personiel op set om alles op 'e tiid klear te krijen.