Plysje siket tsjûge

26 nov 2010 - 20:15

De plysje is drok op syk nei in man of frou dy't ferline wike woansdei 17 novimber tsjûge wie fan it deadlike ferkearsûngelok op de Harnzerstrjitwei.

De man of frou soe op it stuit fan it ûngelok achter it slachtoffer fytst ha yn de rjochting fan Frjentsjer. It slachtoffer is op it plak fan it ûngelok stoarn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)