Frou ferwûne by ûngelok

26 nov 2010 - 20:10

In 56-jierrige frou fan Drachten is freedtemoarn ferwûne rekke by in oanriding. De frou fytste op de Trisken yn Drachten en hat nei alle gedachten gjin foarrang jûn oan in 23-jierrige automobilist.

It slachtoffer is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)