Himpkwekerij oprôle
De plysje hat freedtemoarn in himpkwekerij yn Appelskea oprôle. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei anonime tips.
Yn totaal binne der 150 planten yn beslach naam. In man fan 28 en in frou fan 22 út Maarssen by Utert binne oanhâlden.