Drankrider rydbewiis kwyt

26 nov 2010 - 19:43

In 26-jierrige man fan Bakkefean is freedtemoarn oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed. Doe't de man ynienen remje moast, glied de auto tsjin in frachtwein en in buske oan. Doe't aginten de man dêrnei oansprutsen bliek er alkohol hân te hawwen.

Op it buro die bliken dat de man trije kear earder oanhâlden is foar it riden mei in slok op. Hy moast dêrom fuortendaliks syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)