Drachtster kolleksje nei Parys

26 nov 2010 - 18:43

De kolleksje fan Museum Drachten sil de grins oer. In part fan it wurk fan Theo van Doesburg wie it ôfrûne jier al te sjen yn it Tate Modern yn Londen, en no sil it brûkt wurde yn it Centre Pompidou yn Parys. It wurk is ûnderdiel fan de tentoanstelling Mondrian, De Stijl.

It is de grutste en wichtichste eksposysje fan dit momint yn it Frânske museum. De wurken sille oant 21 maart yn Parys hingje, dêrnei komme se werom nei Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)