Hierwenten foar lege ynkommens

Wenningboukorporaasje Elkien sil gjin djoere hierwenten mear bouwe. It is it gefolch fan de nije regels dy't de Europeeske Kommisje de korporaasjes oplein hat. Korporaasjes moatte 90 persint fan har wennings beskikber stelle oan minsken dy't minder fertsjinje as goed 33.500 tûzen euro.
Elkiendirekteur Bonnema fynt dat oaren foarsjen moatte yn it ferlet fan minsken dy't mear fertsjinje. It is in minne ûntjouwing om't der sa wenwiken komme mei inkeld lege ynkommens.