Foarkar foar 'Súdwest Fryslân'
Súdwest Fryslân wurdt de nije namme fan 'e Súdwesthoeke-gemeente. Dat is de foarkar fan de ynwenners dy't woansdei stimd hawwe. By de gemeenteriedsferkiezings koe keazen wurde út de nammen Súdwest Fryslân, Sneek-Súdwest Fryslân of wat oars.
Fan de stimmers fynt 57,3 persint dat de fúzjegemeente Súdwest Fryslân hite moat. Sa'n 24 persint hie leaver tenei de gemeentenamme Sneek-Súdwest Fryslân op 'e plaknambuorden hân.
Trefwurden:
argyf