WK keatsen jier útsteld

It WK keatsen dat yn 2011 yn Fryslân hâlden wurde soe, is mei in jier útsteld. De finansiering fan it evenemint is noch net rûn. De organisaasje, dy't plak fynt ûnder tafersjoch fan it keatsbûn KNKB, hat mear tiid nedich om it op oarder te meitsjen.
It keatsbûn moat jierliks struktureel in lytse 30.000 euro yn it jier besunigje. Dat komt ûnder oaren troch it fuortfallen fan subsydzje fan it sportbûn NOC/NSF.