Kruiswijk fit foar AZ

Arnold Kruiswijk is folslein hersteld fan syn knibbelblessuere. De ferdigener fan SC Hearrenfean dy't op it lêste momint de kompetysjewedstriid tsjin Willem II oan him foarby gean litte moast, krijt fan trainer Ron Jans sneon in basisplak.
Youssef El Akchaoui begjint dêrtroch op de bank, Calvin Jon-A-Pin ferhuzet nei de linkerkant. Hearrenfean hat yn de lêste fjouwer wedstriden net ferlern (trije wûn, ien gelyk). AZ hat de lêste fiif wedstriden allegear wûn.