Priis foar houten brêge Snits

26 nov 2010 - 11:11

De houten autobrêge fan Snits hat de lanlike houtynnovaasjepriis krigen. De twajierlikse priis wurdt útjûn troch it sintrum Hout en is in inisjatyf fan de Nederlânske houtyndustry.

Foar de priis fan dit jier wiene hast hûndert ynstjoerings. Yn de finale moast de houten brêge it opnimme tsjin nij ûntwikkele houten bakstiennen. Arsjitekt Hans Achterbosch, dy't de brêge yn Snits betocht hat, is tige wiis mei de priis.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)