Kommisje foar weryndieling

26 nov 2010 - 11:03

Emeritus professor Lense Koopmans fan Sondel wurdt foarsitter fan de kommisje dy't de provinsje advisearje moat oer weryndieling. Koopmans is foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen fan de Rabobank.

Ek âld-boargemaster Marijnen fan Skarsterlân en âld-PvdA-keamerlid De Cloe komme yn de kommisje. Sy ûndersykje oft it better is foar gemeenten om te weryndielen of om gear te wurkjen. Har advys moat yn maart klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)