Moaie plaatsjes troch snie

26 nov 2010 - 10:49

De earste snie freedtemoarn soarge net foar in soad oerlêst yn Fryslân. Op guon plakken wie it wol glêd. It wie benammen in moai gesicht.

De foarsizzings binne dat fan it wykein mear snie falle sil. Ek de temperatueren lizze oerdei om de nul graden hinne. Nachts sil it matich frieze, tusken de min 5 en min 6. Ek takom wike hâldt it winterske waar oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)