Mooglik kreamhotel yn Fryslân

26 nov 2010 - 10:26

De Friesland ûndersiket oft it mooglik is om in kreamhotel op te setten. Sa'n foarsjenning is der noch net yn Fryslân. Yn in kreamhotel krije froulju dy't befalle moatte 24 oeren deis soarch. De soarchfersekerder wol ek dat froulju standert de earste befalling yn it sikehûs dogge.

De soarchfersekerder wol him hurd meitsje foar in frije kar foar froulju. Ut ûndersyk komt dat der te min nei froulju harke wurdt yn diskusjes oer it plak fan de befalling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)