Jonge Jobbegea swier ferwûne

26 nov 2010 - 10:23

By in ûngelok yn Hoarnstersweach is in jonge (16) út Jobbegea swier ferwûne rekke. In ynwenner (71) fan it Hearrenfean ried tiisdei yn syn brommobyl midden op de dyk.

In autobestjoerster (59) út Jobbegea helle de man yn, rekke yn de berm en yn 'e slip. De frou botste dêrnei tsjin de jonge op 'e fyts. Nei de oanriding kaam de auto yn it wetter telâne. De jonge is mei de traumahelikopter nei Grins brocht. Hy hie ferwûnings oan 'e rêch en it boarst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)