Aris nei kwartfinale beker

De basketballers fan De Friesland Aris hawwe de kwartfinale fan de beker helle. Yn de eigen sporthal waard tongersdeitejûn oertsjûgjend wûn fan Zwolle mei 90-73.
Yn de kompetysje waard ein oktober noch krekt fan de Zwollenaren ferlern. Mar de mannen fan coach Pete Miller wienen der dizze kear klear foar. Nei fjouwer ferliespartijen op rige yn de kompetysje kin de ploech de winst yn de beker goed brûke om it selsfertrouwen op te krikken.