Fiskstreuperijteam stoppet

It Fryske fiskstreuperijteam hâldt fan 1 jannewaris takom jier op te bestean. Dat hat de Fryske plysje besletten. It fiskstreuperijteam is in gearwurking fan de plysje, it Korps Landelijke Politiediensten en de Algemiene Ynspeksjetsjinst.
De ynset is foaral rjochte op snoekbearsstreupers en dat kostet in soad tiid, want de streupers moatte op 'e die betrape wurde. De Fryske sportfiskfederaasje fynt it spitich dat it team stoppet.