Wer file krusing Ryptsjerk

25 nov 2010 - 17:41

Ferkear dat fan Ljouwert ôf rjochting Hurdegaryp wol, moast tongersdeitemiddei en -jûn by de krusing nei Ryptsjerk rekken hâlde mei opûnthâld. Middeis wie der in ûngelok op de krusing, wêrby't ien persoan ferwûne rekke is. Fanwege dat ûngelok wie mar ien rydstrook beskikber en dat soarge foar in soad opûnthâld.

Tongersdeitemoarn hie ferkear dat fan de kant fan Hurdegaryp ôf Ljouwert yn woe ek al te krijen mei opûnthâld fanwege in ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)