IZORE hellet sels post op

Yn Ljouwert hellet it bedriuw IZORE fanwege de TNT-staking sels syn post op. IZORE docht mikrobiologysk ûndersyk foar húsdokters. Se teste bygelyks urine om te sjen oft ien blaasûntstekking hat. Der is dêrom no in sjauffeur fan it bedriuw dy't by seis praktiken yn de provinsje delgiet om wichtige saken mei te nimmen.
Tongersdei en freed hellet it bedriuw sels de post fan de húsartsen op.