Oandachtspunten sikehuzen

25 nov 2010 - 16:11

Bettere kommunikaasje tusken arts en pasjint, in lykweardige besetting yn it wykein en de ynfiering fan in checklist. Neffens Soarchbelang Fryslân soene Fryske sikehuzen dy saken ynfiere moatte om it tal ûnnedige deaden yn it sikehûs werom te bringen.

Ut ûndersyk docht bliken dat yn 2008 2000 minsken ferstoarn binne wylst dat tefoaren kommen wie troch better hanneljen fan it sikehûspersoniel. Yn Fryslân giet in om sa'n 80 gefallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)