CDA liket op paad werom

25 nov 2010 - 12:48

It CDA liket op it paad werom. De partij krige de lêste tiid klap op klap, benammen by de ferkiezings foar de Twadde Keamer. Dêrnei soarge de gearwurking mei de PVV yn it gedoochkabinet foar in soad opskuor binnen de partij.

By de ferkiezings foar de nije gemeente yn Súdwest-Fryslân liket it allegear fergetten. De partij waard fierwei de grutste yn de nije ried. Se krigen 24,5 persint fan de stimmen, dat binne 10 sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)