Kamera's sjogge nei moksels

Op it Waad komme begjin takom jier waarnimmingsstasjons mei kamera's om te sjen hoe't it giet mei de moksels. Dat docht bliken op it sympoasium Mokselwaad dat tongersdei organisearre wurdt troch de feriening Kust & Zee yn Post Plaza yn Ljouwert.
Yn de jierren 90 gie it min mei de moksels en dêrom moat it tal no wer op peil brocht wurde, fynt de stifting. Op dit stuit is der sawat 2000 hektare oan mokselbanken, mar oer sa'n 4 jier moatte dat ûngefear 4000 hektare wêze.