FNP: 4 partijen yn kolleezje

25 nov 2010 - 10:54

It kolleezje fan de nije gemeente yn de Súdwesthoeke soe út fjouwer partijen bestean kinne. Dat is de foarkar fan Gerben Gerbandy, listlûker fan de FNP. Neffens him moat der in soad wurk ferset wurde en moat der dêrom in kolleezje komme mei in breed draachflak.

It CDA helle woansdei 10 fan de 37 sitten, de PvdA 7, de FNP 6 en de VVD 5. Gerbrandy fynt dat de FNP mei dizze útslach yn it kolleezje thús heart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)