Ynbraken op 'e Jouwer

25 nov 2010 - 10:46

Op De Jouwer is woansdei yn twa wenningen oan de Ulekamp ynbrutsen. By ien wenning waard de foardoar fernield en op de earste ferdjipping guod fernield. Foar safier bekend binne der gjin saken stellen.

By de oare wenning waard de efterdoar stikken makke om deryn te kommen. Yn de wenning binne alle keamers trochsocht en is skea oanrjochte. De dief of dieven ha sieraden, in laptop, in digitale kamera, in navigaasjesysteem en jild meinaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)