Ferwûnen troch ûngelokken

By in oanriding tusken seis auto's op de Grinzerstrjitwei tusken Hurdegaryp en Ljouwert binne tongersdeitemoarn fjouwer minsken ferwûne rekke. Trije binne nei it MCL yn Ljouwert brocht, ien is nei de Sionsberg yn Dokkum brocht. Troch it ûngelok bedarre ien auto yn de feart.
De strjitwei nei Ljouwert wie moarns sletten foar ferkear troch de ravaazje op de dyk. Ferkear moast oer de parallelwei en der stiene lange files rjochting Ljouwert.