Tryater siket jonge akteurs

Teaterselskip Tryater is op syk nei trije Frysktalige jonges dy't ombar de rol fan de soan fan Macduff en lady Macduff spylje kinne yn it stik Macbeth. De jonges moatte tusken de tsien en tolve jier wêze. Se moatte it moai fine om te aktearjen en ûnderfining hawwe.
Tryater hâldt op 16 desimber audysjes foar de rol en de útfiering fan Macbeth is yn de maaitiid fan 2011. It stik wurdt spile yn it ramt fan It Brûst.