Spruit mooglik net yn rie SWF

Neffens de PvdA komt Spruit mooglik net yn de ried fan Súdwest-Fryslân. Johannes Spruit fan de Partij voor de Bijstand docht woansdei mei oan de riedsferkiezings.
Spruit soe as Sjaak Spruit minsken oplicht ha. Troch dy beskuldigings driget de man in sit yn de rie mis te rinnen, seit PvdA-listlûker Andries Ekhart. Hy skrikt fan de beskuldigings. Spruit sels ûntkent de beskuldigings.