Ungelokken troch hagelbuien

24 nov 2010 - 13:50

Op de Ofslútdyk ha woansdei oan it begjin fan de middei ferskate ûngelokken west. Dat kaam troch in pear flinke hagelbuien, dêr't it ferkear troch ferrast waard. Fanwege de ûngelokken hat ien rydstrook in koart skoft ôfsletten west.

De plysje warskôget autobestjoerders om der goed om te tinken, om't der noch mear winterske buien oan sitte te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)