Tsjûge socht fan klappen Snits

De plysje siket in tsjûge fan in mishanneling yn Snits. It barde ferline wike woansdeitejûn. It slachtoffer, in Snitser (41) seit dat er folslein ûnferwachts oanfallen waard troch in Snitser (44). Dy trape him op de Badhuisgracht tsjin de holle. De fertochte waard letter dy jûn oanhâlden.
De plysje siket de man dy't it slachtoffer oansprutsen hat. Ek oare tsjûgen kinne har melde. De man hie in harsensskodding en in brutsen noas.