'Frysk op skoalle is min'

24 nov 2010 - 09:38

De kwaliteit fan it Frysk yn it ûnderwiis kin folle better. Dat docht bliken út it rapport Tusken winsk en werklikheid fan de ynspeksje fan ûnderwiis. Dat rapport is woansdei oanbean oan deputearre De Vries.

Grutste beswier by de Fryske lessen op skoallen is dat der te min omtinken is foar it nivo-ferskil fan de ferskate learlingen. De oanpak foar Fryske bern soe oars wêze moatte as foar bern dy't de taal net fan hûs út mei krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)