Krityk op spoarplannen

It sil noch wol even duorje foardat der treinen tusken Grins en It Fean ride
Ynwenners fan Lúnbert, Tsjalbert en Nijhoarne binne net te sprekken oer de plannen fan de provinsje foar it spoar tusen It Hearrenfean en Grins. Sa't de tekeningen no binne rint de oansluting fan it spoar Ljouwert-Swolle foar in part troch dy trije doarpen.
Tiisdeitejûn wie der op It Hearrenfean in ynformaasjegearkomste oer de plannen. De besikers seagen ek wol foardielen fan de spoarferbining, mar fûnen dat der nochris sjoen wurde moat nei it trasee fan de oansluting.