Drachtster SES boarret nei gas

It Drachtster bedriuw Smart Energy Solutions wol by Donkerbroek nei ierdgas boarje. Se hawwe de fergunning fan de NAM oernommen. En dêrmei hawwe se har ek ferbûn oan de ôfspraken dy't de NAM makke hat mei de provinsje en it wetterskip oer finansjele kompensaasje by mooglike skea.
Neffens deputearre Galema betsjut it meidwaan fan Smart Energy Solutions dat it gebiet dat ûnder dy oerienkomst falt wer grutter wurden is.