MCL-personiel yn it nij

23 nov 2010 - 19:26

Personiel fan sikehûs MCL yn Ljouwert rint fan woansdei ôf yn nije unifoarmen. De nije tsjinstklean binne moderner as de âlde pakken en ek is no oan de pakken te sjen wa't hokker funksje hat. In dokter is yn it wyt, oare beropsgroepen ha blauwe eleminten. De pakken binne strakker en sitte better. It probleem mei it trochskinen is net ferholpen.

Der binne 15.000 pakken besteld. Woansdeitemoarn kin it personiel it âlde unifoarm ynruilje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)