CDA foar gemeentefúzjes

23 nov 2010 - 12:14

De gemeenten Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat moatte fusearje as se dat wolle. Dat stiet yn it ferkiezingsprogram fan it CDA Fryslân dat moandei fêststeld is. Der wiene gjin grutte ferskillen fan miening. De lanlike polityk, it regear en de PVV kamen net oan bod op 'e ledegearkomst.

De leden tsjinnen 134 amendeminten yn oer boeren, diken, sport, kultuer, soarch, natoer en weryndieling. Oer dat lêste punt waard lang praat om't dêr in probleem leit mei Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)