Auto botst op bushokje
In 86-jierrige automobilist út Snits is moandeitemiddei licht ferwûne rekke by in ûngelok op de Skoatterlânskewei op It Hearrenfean. De man wie troch noch ûnbekende oarsaak mei de auto fan de dyk rekke en tsjin in bushokje oan botst.
It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.
Trefwurden:
argyf