Listlûkers steaten keazen

23 nov 2010 - 09:53

Sjoerd Galema is unanym keazen ta CDA-listlûker foar de provinsjale steateferkiezings fan takom jier. De leden stelden moandei ek it ferkiezingsprogram en de kandidatelist fêst. Op twa stiet deputearre Tineke Schokker en op trije steatelid Fernande Teernstra.

By de VVD waard Tom van Mourik keazen ta listlûker. Hy krige unanym de stipe fan de leden. Op plak fjouwer stiet de earste nijkommer. Dat is Aukje de Vries. Sy sit yn de ried fan Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)