Wer keunstiisbaan yn Snits

Yn it sintrum fan Snits komt foar it tredde jier op rige in keunstiisbaan. Fan 10 oant en mei 26 desimber kinne minsken dêr reedride. De opbringst giet nei de Stichting Leergeld Sneek. Dy helpt bern dy't ûnder de earmoedgrins libje. Sa wurdt in skoalkamp of in sportklup foar sokke bern betelle.
In kaartsje kostet 1,50 euro. Dêr kin tsien minuten foar reedriden wurde. De keunstiisbaan is ek op beide krystdagen iepen.