Fjouwer kânshawwers poppriis

Daily Bread
Fjouwer Fryske acts binne nominearre foar de Fryske Popprijs. Op 11 desimber wurdt de priis útrikt. De Ljouwerter dj Kay Wilder, sjongeres Nynke Laverman en de bands Daily Bread en A Silent Express binne de fjouwer gadingmakkers.
De priis fan 1500 euro wurdt takend oan de artyst of groep dy't it ôfrûne jier it meast betsjutten hat foar de Fryske popmuzyk.