Fiifklapper Jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean/Emmen hat moandeitejûn mei 5-0 wûn fan Jong NEC. Op sportpark Skoatterwâld waarden de doelpunten makke troch Haglund, Papadopulos, Fazli, Djuricic en Roorda. Jong NEC spile lang mei tsien man omdat Wellenberg krekt nei it skoft út it fjild stjoerd waard.
Jong Hearrenfean/Emmen hat no 17 punten út 12 wedstriden. Dat is likefolle as Jong AZ, Jong NEC en Jong ADO Den Haach. Fier boppe-oan stiet Jong PSV mei 30 út 12.