'Behâld strânfiskjen eilannen'

22 nov 2010 - 20:29

It strânfiskjen mei fêste netten op de Waadeilannen moat net ferbean wurde. Dat advys jout Douwe Hollenga fan it Regionaal College Waddengebied oan de steatssiktaris fan lânbou.

In jier lyn waard alle rekreative fiskerij mei steand want ferbean yn it ramt fan de beskerming fan de iel. It fiskjen mei steande netten op 'e strân is in ieuwenâlde tradysje op de Waadeilânnen, dy't troch it ferbod ferdwine soe. Eilanners soene mei in fergunning fan de gemeente fiskje meie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)