Lieuwe Westra yn World Tour

22 nov 2010 - 20:00

Lieuwe Westra is mei syn ploech Vacansoleil-DCM de kommende trije jier wis fan hurdfytsen op it heechste nivo. De UCI, de ynternasjonale hurdfytsuny, hat moandei de ploech de ProTeam-lisinsje jûn.

De ploech mei no meidwaan oan de World Tour-wedstriden (earder ProTour). Vacansoleil is nei de Rabobankploech de twadde Nederlânske ploech op it heechste nivo. Dielname oan bygelyks de Tour of Giro is noch net wis. Dêr noeget de organisaasje de ploegen út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)