CSK Ljouwert wreidet flink út

22 nov 2010 - 17:59

It eardere strjemselfabryk CSK Food Enrichment yn Ljouwert wurdt twa kear sa grut mei de bou fan in nij fabryk. Op koarte termyn komme der fjirtich banen by. Yn de takomst moatte dat noch mear wurde. It fabryk makket mikrobiële kultueren foar de suvelyndustry, lykas strjemsel.

It hjoeddeistige fabryk yn Ede kin net útwreidzje. De nijbou yn Ljouwert nimt it wurk oer en wurdt fiif kear sa grut. De bou kostet 35 miljoen euro en moat yn 2012 dien wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)