Jubileum Achmea yn Achlum

22 nov 2010 - 17:37

Achmea organisearret takom jier in grut evenemint yn Achlum. Dêr sette de fersekeringsmaatskippij 200 jier ferlyn útein. Yn Achlum wurdt in konvinsje hâlden mei pommeranten út de sport, it ûnderwiis, de polityk, it bedriuwslibben en de soarch. Dêr wurdt praat oer hoe't de takomst derút sjen moat. It is noch net dúdlik hokker bekende Nederlanners der komme.

Hiel 2011 is foar Achmea in jubileumjier. Dêrom sille der allegearre aktiviteiten hâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)