Grutte taname HIV-pasjinten

22 nov 2010 - 16:43

It tal minsken yn Fryslân mei in HIV-besmetting is it ôfrûne jier mei 46 persint tanaam. It firus kin aids feroarsaakje. Benammen jonge homoseksuele manlju binne slachtoffer.

De eksplosive taname hat foar grutte ûnrêst soarge. Yn Grinslân ferdûbele it tal HIV-pasjinten it ôfrûne jier, De groei fan 46 persint yn Fyslân jout de GGD Fryslân alle reden ta soarch. Opmerklik is dat it by 60 oant 70 persint fan de slachtoffers om jonge homoseksuelen giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)