Keamerfragen oer skoalsluting

CDA-Keamerlid Sander de Rouwe stelt Keamerfragen oer it iepenhâlden fan de doarpsskoalle fan De Gaastmar. Dat is ien fan 'e skoallen yn Fryslân dy't bedrige wurdt mei sluting om't der te min learlingen binne.
Der komt in nije wet foar lytse skoallen. Dy krije trije jier ekstra de tiid om nije learlingen te finen. Mar dy nije wet is noch net klear en skoallen dy't al earder fusearje om't se te min learlingen hawwe, kinne dêr de dupe fan wurde.