Romke Kooyenga emigrearret

22 nov 2010 - 13:34

Sakeman en multymiljonêr Romke Kooyenga ferhuzet nei België. Hy hat dêr in lúksueus bûten kocht fan moadediva Marjan Strijbosch. Der is 3000 fjouwerkante meter grûn by. It giet om in filla en in koetshûs mei oprydleane en in bûtenswimbad. Kooyenga nimt ek de komplete ynventaris mei in soad antyk oer.

De sosjale druk op de húshâlding is ien fan 'e redenen om te ferhúzjen, seit Kooyenga. It haadkantoor fan de Kooyengagroep bliuwt yn Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)