Di Gojim by kultuerprotest HMH

22 nov 2010 - 12:44

De Fryske klezmerband Di Gojim spilet moandei yn it foarprogramma fan Freek de Jonge yn de Heineken Music Hall yn Amsterdam. Dat bart yn it ramt fan de lanlike manifestaasje "Nederland Schreeuwt" dy't ôfrûne sneon hâlden is.

De Jonge hat in protestliet tsjin de besunigings op kultuer skreaun. Hy hat in oprop dien om dêr muzyk by te meitsjen. Di Gojim hat dy útdaging oannaam. De groep is troch De Jonge frege om it liet mei him út te fieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)