Ungelok by Werpsterhoeke

In 62-jierrige man is sneintemiddei op de Werpsterhoeke by Ljouwert ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. De man is nei alle gedachten nei it ynheljen by it weromgean nei de rjochterbaan fan 'e dyk ôfrekke. Hy sloech in pear kear mei de auto oer de kop.
De brânwacht hat it slachtoffer út de auto weihelle. De man is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehús brocht. It ferkear is in skoft omlaat.