Dronken rider pakt yn Wolvegea

22 nov 2010 - 09:58

In 50-jierrige ynwenner fan Noardwâlde is sneontenacht oer it mad kaam doe't er mei te folle drank op ried. De plysje seach him riden op it Pastoryplein yn Wolvegea en hie it fermoeden dat der drank yn it spul wie. In blaastest op it plysjeburo wiisde út dat er yndie te folle dronken hie.

Boppedat die bliken dat de man noch in searje boetes iepen te stean hie. Om't de man dy net betelje koe, moat er 21 dagen sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)