Portier fan hotel mishannele

22 nov 2010 - 09:52

Op 'e Splitting yn Drachten binne sneontenacht twa manlju fan 18 en 20 jier út Beetstersweach oanhâlden foar mishanneling. In hotel oan de Zonnedauw hie melden dat der minsken ferfelend diene by de yntercom. De portier soe klappen krige hawwe fan de manlju, doe't er se frege om fuort te gean.

Op oanwizing fan 'e portier koene de manlju oanhâlden wurde. Se binne foar ûndersyk fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)